Nominaasjes foar Fryske ûndernimming fan it Jier bekend

12 jan 2017 - 14:33
Foto: Omrop Fryslân

De seis nominearre ûndernimmingen foar de titel Fryske ûndernimming fan it Jier binne tongersdei bekend makke. It giet om boubedriuw Lont út Sint-Anne, metaalbewurker Mannen van Staal út Ljouwert, printbedriuw Probo Sign út Dokkum, it Snitser technologybedriuw Snakeware, pompbedriuw Van Heck Group út Noardwâlde en doarrefabrikant Van Vuuren fan Grou.

Op 1 maart presintearje de bedriuwen har oan de sjuery. Se wurde dan ek beoardiele op ûnder oare ynnovaasje en finansjele resultaten. Op basis dêrfan wurde trije finalisten selektearre.

De finale is op 4 april. Foar dy tiid sjocht de sjuery noch by de bedriuwen sels om mear te witten te kommen oer de bedriuwsfiering, it produkt en de minsken dy't der wurkje. De sjuery bestiet út de ûndernimmers Thecla Bodewes, Jetze Botma en Emile Stuy, de winner fan ferline jier. De sjuery stiet ûnder lieding fan deputearre Sander de Rouwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)