Man skopt flatbewenster

Geweld © Omrop Fryslân
In 20-jierrige Ljouwerter is sneon oanhâlden fanwege mishanneling en bedriging. De man woe in flat oan de Skieringerwei yngean, doe't in 44-jierrige bewenster krekt nei bûten gie. Om't se de man net koe, frege se wêr't er hinne moast. Se lei de man út dat se net elkenien sûnder kaai de flat ynlitte woe. De man waard dêrop lulk en skopte tsjin har skynbonke.
Omstanners warskôgen de plysje. De man is oanhâlden en oerbrocht nei it buro. Dêr is proses-ferbaal opmakke.