Besykjen ta moard

28 maaie 2012 - 12:11
Foto: Plysje Fryslân

In 30-jierrige Ljouwerter is sneintejûn oanhâlden foar besykjen ta moard of deaslach. In 31-jierrige plakgenoat wie tegearre mei in freon oan it fiskjen yn it wetter oan de Schieringerweg. De fertochte kaam by de manlju en begûn rûzje te meitsjen. Dêrby pakte er in mes en stuts er de man út Ljouwert del. Dêrnei naaide er út op 'e fyts.

It slachtoffer rekke swier ferwûne en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Nei ûndersyk koe de plysje de fertochte sneintejûn oanhâlde yn syn wenning. It mes is yn beslach naam.

Trefwurden: 
mes stekpartij
(Advertinsje)
(Advertinsje)