Cambuur makket jacht op koprinner

12 jan 2017 - 13:11

Cambuur begjint de twadde kompetysjehelte mei in thúswedstriid tsjin koprinner VVV Venlo. It ferskil tusken beide ploegen is alve punten. By winst sjogge de Ljouwerters wer perspektyf om mei te dwaan yn de striid om de titel. By ferlies, sa sei trainer Sipke Hulshoff, "moatte wy ús rjochtsje op oare plakken." By Cambuur is Peersman skorst. Syn ferfanger is Blackson. Fierder feroarje de Cambuur trainers neat oan de opstelling. Nije oanwinst Tarik Tissoudali, hierd fan it Frânske Le Havre, begjint op de bank.

Ninos Gouriye en Gino Bosz meie omsjen nei in oare klup. Foar beide spilers sjocht de technyske stêf gjin perspektyf mear by Cambuur.

Opstelling Cambuur: Zeinstra; Anderson, El Baad, Schilder, Blackson, Houtkoop; Bakker, Van de Streek, Monteiro; Barto, Hoefdraad.

De wedstriid Cambuur - VVV Venlo is freed 14 jannewarris fan 20.00 oere ôf live te folgjen op Omrop Fryslân sport.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)