Piet: "It wurdt wyt, wiet, winich en kâld"

It wurdt de kommende dagen winterwaar. Waarman Piet Paulusma ferwachtet dat der yn de nacht fan tongersdei op freed snie falle sil. It ferkear moat de kommende dagen rekken hâlde mei glêdens. Yn it wykein wurdt it stoarmich en nei it wykein gean de temperatueren ûnder nul. Yn de buien hat it ferkear lêst fan min sicht en ek kinne der swiere wynstjitten yn de buien sitte.
"Der komt hiel wat op ús ôf, mar der is ek noch in soad wat noch net iens wis is wat op ús ôfkomt", sa seit Piet Paulusma. "Dan haw ik it foaral oer de kommende 36 oeren. Der leit in steuring súdwestlik fan Súdwest-Ingelân en dan is it mar krekt wêr't dy lâns giet. Ferfolget er syn koers rjochting noarden of giet er mear súdlik.Ik gean der fanút dat er mear súdlik lâns giet. As dat bart, dan ha wy de measte wyn moarn oerdei en de measte sniekânsen foar fannacht en moarnier. Dêrnei wurdt it dan kâlder, want we komme dochs wol yn in kâldere streaming telâne. Allinnich de fraach is: hoefolle kâlder?"
Ien ding is wol wis foar Paulusma, der sil yn alle gefallen snie falle: "It sil grif wyt wurde de kommende dagen."