Eilanner jutters wachtsje op konteners mei nôt en karton

12 jan 2017 - 12:33

De 15 konteners dy't woansdei boppe Flylân oerboard slein binne, sitte fol mei nôt, karton en masine-ûnderdielen. De konteners komme fan it frachtskip de Red Cedar dat fan Hamburg ûnderweis wie nei Antwerpen. De konteners driuwe noch hieltyd op see oan de westkant fan Flyân.

De kustwacht hat mei in fleantúch socht en tsien konteners sjoen. In pear dêrfan binne yntusken stikken slein yn see. Neffens de kustwacht spiele de kontainers tongersdei oan op it strân fan Flylân of Skylge.

De jutters steane op skerp en strune de hiele dei it strân ôf. Ek al kinne de jutters net in soad mei it oanspielde materiaal, sa seit help-strânmaster Elzo Brink.

Trefwurden: 
jutters Flylân Skylge
(advertinsje)
(advertinsje)