Drokte by CBR: wachttiden rinne op oant njoggen wike

12 jan 2017 - 12:08

Wa't op dit stuit rydeksamen dwaan wol foar frachtwein, bus, taksy of trekker moat rekken hâlde mei wachttiden fan hast wol njoggen wike. It CBR hat temin eksaminatoaren om alle eksamens ôf te nimmen. De organisaasje is no drok dwaande om ekstra minsken op te lieden. Der is mear fraach nei rydbewizen, omdat it goed giet mei de transportsektor en it busferfier.

De fraach nei taksyrydbewizen soe komme fanwege de soepeler regels om in taksybedriuw te begjinnen.

Foar de grutte fraach nei trekkerrydbewizen hat it CBR net echt in ferklearring. Om de wachtlisten fuort te wurkjen, wurde no ek op sneon eksamens ôfnommen.

Trefwurden: 
CBR wachttiden rydbewiis
(advertinsje)
(advertinsje)