Fideoskiedsrjochter wurdt ynset by Cambuur en Hearrenfean

12 jan 2017 - 12:06

SC Cambuur en SC Hearrenfean krije yn de kwartfinale fan de KNVB beker te krijen mei in fideoskiedsrjochter. By alle wedstriden wurdt de 'video-assistant' ynsetten. Dat hat de KNVB besletten. Foar de Ljouwerters is dat net nij. By de wedstriid yn de achtste finales fan de KNVB-beker tsjin Ajax waard ek al gebrûk makke fan in fideoskiedsrjochter. Dy sit yn in buske bûten it stadion en sjocht op skermen mei en kin yngripe by beslissingen fan de skiedsrjochter op it fjild.

Nij is dat in skiedsrjochter op it fjild no ek kieze kin foar in 'on field review'. Dit hâldt yn dat de skiedsrjochter de beslissing fan de fideoskieds nochris besjen kin op in skerm neist it fjild. It is foar it earst dat dizze mooglikheid der is by in offisjele wedstriid in ús lân.

It giet foar SC Cambuur om de útwedstriid tsjin FC Utrecht op woansdei 25 jannewaris en foar SC Hearrenfean om de útwedstriid op deselde dei tsjin AZ.

(Advertinsje)
(Advertinsje)