Plysje bekeurt wer beljende sjauffeurs by rotonde De Jouwer

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei wer boetes útdield oan bestjoerders dy't op de A6 by it ferkearsplein fan De Jouwer sieten te beljen achter it stjoer. Acht minsken krigen dêr in bon foar, trije dêrfan wiene frachtweinsjauffeurs.
Ien bestjoerder ried by de wurksumheden oan de dyk 100 kilometer yn de oere, wylst 70 it maksimum is, ek hy krige in bekeuring. De plysje kontrolearret geregeld by de rotonde, neidat der in pear slimme ûngelokken west hawwe.