Boetes foar te hurd farren

28 maaie 2012 - 11:56
Wetterplysje (stockfoto) - Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat dit wykein fjouwer boatsjefarders in boete jûn foar te hurd farren op 'e Burgumermar en it Prinses Margrietkanaal. De plysje hie klachten krigen dat boatsjeminsken by Koatstertille faak te hurd farre. Op 'e Burgumermar meie je 9 kilometer yn 'e oere farre, op it kanaal 12. De skippers krigen elk in boete fan 120 euro.

Ek op oare plakken hat de plysje boetes útdield. Dy sil dizze simmer folle faker kontrolearje op hurdfarren.

Trefwurden: 
boete hurdfarre
(Advertinsje)
(Advertinsje)