Hearrenfean wint yn Utrecht

22 okt 2011 - 22:56
Foto: Omrop Fryslân

Nei trije likense spullen op rige, hat SC Hearrenfean mei romme sifers wûn fan FC Utrecht. De ploech fan Ron Jans wie fierstente sterk foar de direkte konkurrint út de Domstêd (1-4). Nei in kertier fuotbal soarge Sven Kums mei wat gelok foar in 'pikstart'. Yn de twadde helte kaam Hearrenfean fia Dost en Djuricic op 0-3. Tsien minuten foar de ein die Sneijder wat werom. Koart dêrnei bepaalde Assaidi de einstân op 1-4.

(advertinsje)
(advertinsje)