Soad Fryske 65-plussers fiele harren iensum

© ANP
Goed ientredde fan de Fryske 65-plussers is reedlik oant tige iensum. By 75-plussers giet it sels om hast de helte, sa meldt it Fries Sociaal Planbureau. De ûnderfrege senioaren jouwe oan dat it wichtich is om sels kontakten oan te gean om iensumens tsjin te gean. Ek sizze se dat it wichtich is om sûn en mobyl genôch te wêzen om derop út te kinnen. Alderen fine it lestich om help te freegjen oan famylje en kunde, omdat se harsels rêde wolle en net seure wolle.