Nije oplieding foar it bestjoeren fan ûnderwetterdrones

12 jan 2017 - 10:15

Hegeskoalle Van Hall Larenstein en MBO Life Sciences begjinne meikoarten mei in oplieding foar it bestjoeren fan ûnderwetterdrones. De mbo-studinten leare hoe't in ûnderwetterdrone wurket en wat se der mei dwaan kinne. Der wurdt ek gearwurke mei Wetterskip Fryslân. Sa wurdt de drone ynsetten by de ynspeksje fan kaden.

Hbo-studinten fan de oplieding Miljeu oan Van Hall Larenstein brûke de drone om gegevens te sammeljen oer ûnder oare de wetterkwaliteit yn in gebiet. No moandei is de offisjele ôftraap fan it projekt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)