In rekôr yn 2016: der binne hast 6000 huzen ferkocht

12 jan 2017 - 10:07

Der binne it lêste fearnsjier fan 2016 mear huzen ferkocht yn Fryslân as in jier earder. It giet neffens de feriening fan makelers, de NVM, om in groei fan 14 prosint. Ek de prizen giene mei in pear prosint omheech.

Neffens de NVM Fryslân is yn 2016 in rekôroantal huzen ferkocht yn ús provinsje: hast 6000. De feriening ferwachtet dit jier noch mear groei. De prizen fan de huzen geane hurd omheech, omdat de fraach grutter is as it oanbod.

Foar starters wurdt it dêrtroch hieltyd dreger om in geskikt hûs te keapjen. Huzen steane yn Fryslân gemiddeld 114 dagen te keap, lanlik leit dat oantal op 78 dagen.

Ut ûndersyk ûnder keapers docht bliken, dat de lege hypoteekrinte ien fan de wichtichste redenen is om no in hûs te keapjen. De regionale ferskillen yn Fryslân binne wol grut. Yn it noardeasten fan de provinsje gie it oantal ferkochte huzen mei likernôch 3 prosint omheech, yn it suden fan de provinsje giet it om 15 prosint en yn midden-Fryslân sels om hast 22 prosint. De prizen giene it meast omheech yn it súdwesten fan de provinsje. Dêr binne de huzen hast 7 prosint djoerder as in jier lyn.

Trefwurden: 
huzeferkeap rekôr makeler
(Advertinsje)
(Advertinsje)