Famke krijt skop fan hynder

28 maaie 2012 - 11:52
Traumahelikopter - Foto: ANP Kippa

Op de hynstemerk yn Aldskoat hat in famke fan fiif jier moandeitemoarn in skop fan in hynder krigen. Mei ferwûnings is it slachtoffer mei de traumahelikopter oerbrocht nei it UMCG-sikehûs yn Grins. Se wie troch de skop út 'e tiid rekke.

It famke, út Dútslân, hat neffens de plysje in hertkniezing. Se stiet mei har âlders op in kamping yn Damwâld. De Skoattermerke is de grutste jierlikse hynstemerk fan Fryslân.

Trefwurden: 
Aldskoat
(Advertinsje)
(Advertinsje)