Kollum: "Krisiskommunikaasje"

12 jan 2017 - 10:07

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

"It begjint ien grutte klucht te wurden. Donald Trump, de oansteande presidint fan de Feriene Steaten joech juster in parsekonferinsje. Goed timed wie it nijs dat de website Buzzfeed en CNN de nacht dêrfoar nei bûten brochten. Nammentlik dat Ruslân mooglik beskeadigjende ynformaasje oer Trump hat. Dat makket him mooglik sjantabel. En fan datselde CNN kaam der in reporter nei de parsekonferinsje, om in fraach te stellen.

Hy krige net de kâns. “Not you. Your organisation is terrible. Quiet! No I’m not going to give you a question. You are fake news.”

Ik kin beukers dy’t folwoeksener omgean mei krityk. Serieus. Okee, de oanfal op Trump is lilk. Buzzfeed hat it allegearre online setten.

“In het rapport staat dat de Russische geheime dienst FSB op verzoek van Trump een paar prostituees naar het Moskouse Carlton-Ritz Hotel haalde. In Trumps aanwezigheid plasten de dames op het bed waar ooit het echtbaar Obama geslapen had.”

Getver. En sa banaal ek, mei prostituees. Miich dan sels yn dat bêd. Mar goed, oft it wier is, is noch mar de fraach.

Alle media seine it derby. Dat twa ynljochtingetsjinsten it no oan it útsykjen binne, is wol apart. Mar ik tocht doe’t ik it hearde: wannear it net wier is, dan kinne jo as Trump zijnde dy ûndersiken dochs rêstich ôfwachtsje. It is tip nûmer 1 yn mediatrainingen oer krisiskommunikaasje: bliuw rêstich, sis dat we it ûndersyk ôfwachtsje. Oh, wy sjoernalisten wurde der soms gek fan, sa faak wurdt it tsjin ús sein troch officials. Hangende het onderzoek…

Trump tinkt wat oars oer soks.

“I think it was disgraceful that the intelligence agencies allowed any information that turned out to be so false and fake out. I think it’s a disgrace. And that’s something nazi-Germany would do and did do.”

Plus dat hy op Twitter der sân berjochten oan bestege: sân kear in ûntkenning! Stel datsto straks thúskomst, en de koekjetromp is leech. Der is ien fan dyn bern thús, en do seist: hasto de koekjes opfretten? En dat bern seit dan sân kear: nee, net wier, nepnijs, kloppet neat fan, skandalich datst dat seist, neat fan wier, do meist nea wer in fraach stelle. Wat tinksto dan?

Undertusken is der ien dy’t him yn ‘e hannen wriuwt by dit hiele ferhaal, seit David Jan Godfroid fan de NOS…

“Niettemin heeft Poetin het Westen precies waar hij het hebben wil. Een verdeeld Europa. Obama, aan wie ze hier een steeds grotere hekel krijgen, op het punt van vertrek. En een veel Moskou-vriendelijkere Trump in aantocht.”

Ik wit noch altyd net wat ik fan Trump tinke moat. Ik bedoel: hy hie foar my al hielendal ôfdien doe’t ik hearde hoe’t er oer froulju praat. Skandalich. Mar ik kin der neat oan dwaan dat hy presidint wurdt. Dus wol ik der it leafst mar in bytsje oer laitsje. Ik bin allinnich sa bang dat ús beukers no sjogge hoe’t de machtichste man fan de ierde him gedraacht. En dat neidwaan sille. Brr…"

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)