Fytser (72) út Jobbegea oanriden troch in bus

12 jan 2017 - 09:52
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

By in oanriding mei in bus yn Jobbegea is woansdeitemiddei in 72-jierrige ynwenner fan dat plak slim ferwûne rekke. De man fytste oer de Jochem Alberdawei rjochting de rotonde Bontebok. In 62-jierrige bussjauffeur seach dat de fytser nei links gie en remme ôf. Doe stjoerde de Jobbegeaster ynienen wer nei rjochts, wêrnei't de bussjauffeur tsjin him oan ried.

De fytser hie meardere slimme ferwûnings en is nei it UMCG yn Grins brocht.

Trefwurden: 
Jobbegea oanriding bus
(Advertinsje)
(Advertinsje)