'Jesse' en 'Femke' wiene yn 2016 de populêrste foarnammen

Jesse en Femke wiene yn 2016 de populêrste bernenammen yn Fryslân. By de jongesnammen stean Daan en Hidde op it twadde en tredde plak yn Fryslân, by de famkes binne dat Fenna en Lieke. Lanlik binne Daan en Emma de populêrste nammen, meldt de Sociale Verzekeringsbank.
Yn 2016 binne yn Nederlân hast 88.500 jonges en goed 84.000 famkes berne. De Sociale Verzekeringsbank betellet de bernetaslach út en dêrom is de ynstânsje op de hichte fan de nammen fan alle poppen dy't berne wurde.
Dit is de folsleine top 10 fan populêrste jonges- en famkesnammen fan it ôfrûne jier yn Fryslân: