FNP Achtkarspelen: "Minne kommunikaasje oer griene kontener"

11 jan 2017 - 22:51
Griene kontener - Foto: Omrop Fryslân, Oetze Deelstra

De FNP fan Achtkarspelen is net te sprekken oer it berjocht dat de gemeente begjin jannewaris op harren webside setten hat. Dêryn waard oankundige dat de griene kontener yn de wintertiid noch mar ien kear yn de moanne lege wurdt.

Dat berjocht kaam neffens de FNP fierstente let. Ynwenners rekkenen der wol op dat de kontener lege wurde soe, mar dat barde net, skriuwt de FNP oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

Betizing

Boppedat, sa seit de partij, kloppet de ophelkalinder fan Omrin no ek net mear en dat soarget foar betizing. De FNP wol in tasizzing fan it kolleezje dat it tenei better kommunisearret mei de boargers oer dit soarte saken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)