Aris ferliest earste bekerwedstriid fan Apollo Amsterdam
De basketballers fan Aris ha woandeitejûn de earste kwartfinalewedstriid om de beker ferlern fan Apollo Amsterdam. Yn it Kealledykje yn Ljouwert waard it 89-87 foar Apollo. Aris begûn net goed oan de wedstriid. Nei it earste kwart stiene de Ljouwerters efter mei 22-18. Yn it twadde kwart kaam Aris lykwols werom oant 48-48.
Beide ploegen begûnen fûl oan de twadde helte, mar it wie Aris dat in foarsprong opboude, wêrtoch't it tredde kwart ôfsletten waard mei 74-71. Aris joech de winst yn it fjirde kwart út hannen: 87-89.
It is noch net bekend wannear't de twadde kwartfinalewedstriid tusken Aris en Apollo spile wurdt. Aris moat dan mei trije punten winne.
Ofrûne wykein wûn Aris noch mei 94-85 fan Apollo yn Amsterdam foar de kompetysje.