Lieuwe Westra: "Ik hoopje myn depresje te oerwinnen"

11 jan 2017 - 21:01
Lieuwe Westra - Foto: ANP

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje fynt it spitich dat syn karriêre as profhurdfytsers sa ûnferwachts einiget. Dat seit Westra yn in parseferklearring. Ofrûne wykein kundige er op Facebook oan dat er per direkt ophâldt mei it hurdfytsen.

Westra kampt op it stuit mei in depresje. Dêrtroch kin er net de motivaasje fine om troch te gean. Dat komt mei troch twa rjochtsaken dy't noch rinne. Westra wol him thús yn Monako en mei help fan syn famylje yn Nederlân de kommende tiid folslein rjochtsje op syn eigen herstel.

Trefwurden: 
Lieuwe Westra hurdfytsen
(Advertinsje)
(Advertinsje)