Trainer Henk Herder ferlinget kontrakt by Harkemase Boys

Trainer Henk Herder © awfoto.nl
Trainer Henk Herder hat syn kontrakt by Harkemase Boys mei in jier ferlinge. Dat betsjut dat de 49-jierrige Herder ek takom seizoen haadcoach is op sportpark De Bosk. De trainer is dwaande oan syn earste seizoen by de Harkiten.
Herder en syn team begûnen goed oan it seizoen, mar sakken dêrnei wat yn. Op it stuit is Harkemase Boys ferwikkele yn de striid om de 2e perioadetitel. De doelstelling fan de Boys is hânhavening yn de tredde difyzje. It bestjoer fan de fuotbalklup hat der alle fertrouwen yn dat Herder en syn team dêr ek yn slagje.
Takom seizoen stiet der wol in nije assistint-trainer op De Bosk. Dick Schuurman ferfangt dan Sjoerd Jan Eppinga. Schuurman is op it stuit trainer fan SC Emmeloord en wie earder trainer by ûnder oaren VV Hearrenfean.