Wurkstraf foar Easterwâldster dy't buorfrou knock-out slacht

Justysje © Omrop Fryslân
In 59-jierrige man út Easterwâlde hat syn buorfrou knock-out slein. Dêrom feroardiele de plysjerjochter de man woansdei ta in wurkstraf fan 40 oeren.
De mishanneling fûn ferline jier plak, yn in snackbar. Dêr hie de broer fan de fertochte rûzje krigen. Ek de fertochte sels bemuoide him dermei. Doe't de buorfrou besocht de belutsenen wat rêstiger te krijen, sloech de Easterwâldster har meardere kearen yn it gesicht. Dêrtroch gong se ûnderút. Yn it sikehûs die bliken dat se har kaak brutsen hie. Ek hie se in kniesd ankel.
Skeafergoeding
De fertochte seit sels dat er him neat herinnerje kin fan de mishanneling. Wol ferklearre er foar de rjochter "nooit een vrouw te slaan". De frou easke by de rjochtbank in flinke skeafergoeding. Se woe goed 5.300 euro ha.
Earder hat se fan it Schadefonds Geweldsmisdrijven al in fergoeding fan 2.500 euro tawiisd krigen. De rjochter die dêr nochris 1.000 euro by. Ek moat de man noch goed 700 euro betelje oan kosten dy't it slachtoffer makke hat.