Twa gesinnen Ljouwert út foarsoarch ferhuze

11 jan 2017 - 20:33
Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Wenningkorporaasje WoonFriesland hat yn desimber twa húshâldens yn de Ljouwerter wenwyk Nijlân út foarsoarch in oare wenning oanbean. De flierren yn de twa wenningen wiene mooglik oantaaste troch focht yn de krûpromte. It wie ien fan de problemen dy't oan it ljocht kaam by in grutte ynspeksje. It focht wurdt feroarsake troch de hege stân fan it grûnwetter.

Flierren en balkons

WoonFriesland ûntduts fierder dat de flierren fan goed hûndert ûnderwenningen net isolearre wienen. Ek waard earder al bekend dat hast 300 balkons fan flats en huzen oan de Curacaostrjitte, Prinsessewei, Antillenwei en Marijkestrjitte net stevich genôch wienen. Se binne dêrom sûnt begjin novimber ferbean terrein foar de bewenners.

WoonFriesland is yntusken úteinset mei it ferstevigjen fan de balkons. De ferwachting is dat dat dizze maitiid klear is. Oant dy tiid krije de hierders koarting op de hierpriis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)