Udo de Goede wint Gouden Plak It Hearreanfean

11 jan 2017 - 19:40
Udo de Goede wint Gouden Plak - Foto: Omrop Fryslân, Berber Hania

Undernimmer Udo de Goede is de winner fan de Gouden Plak. Dit is de Feanster priis foar de ûndernimmer dy't op in bysûndere wize belutsen is by de mienskip. De Goede spilet neffens boargemaster Tjeerd van der Zwan in wichtige rol by de ûntwikkeling en promoasje fan de regio Hearrenfean.

De sakeman is ûnder oaren de inisjatyfnimmer fan it Heerengrachtkonsert yn de stêd dat ferline simmer foar it earst wie.

Bert Jonker

Yn 2016 wûn Bert Jonker de priis, de ûndernimmer dy't ôfrûne snein slachtoffer wie fan de sjitpartij by Thialf. De boargemaster helle de gebeurtenis ek noch oan yn syn speech: "Ik merk dat in de verhalen de focus steeds meer verschuift van de gebeurtenis naar het slachtoffer. De wijze waarop Bert zaken zou doen en naar buiten treedt zou een directe link hebben met de gewelddadige gebeurtenis op het parkeerterrein. Alsof het een bijna logisch voortvloeit uit het ander. Ik maak daar toch groot bezwaar tegen!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)