Jutters yn 'e startblokken foar ferlerne konteners by Flylân

11 jan 2017 - 19:30
De Noardsee by Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

In skip hat woansdeitemiddei fyftjin konteners ferlern op de Noardsee flakby Flylân. De kustwacht meldt dat de konteners gjin skealike stoffen ferfiere. Der is in boat ûnderweis om de situaasje yn kaart te bringen. Op de Waadeilannen steane de jutters al yn de startblokken. Der stiet in noardwestewyn.

In fleantúch fan de kustwacht sil tongersdei meisykje nei de konteners op see.

Trefwurden: 
Flylân kontener Noardsee
(advertinsje)
(advertinsje)