FIDEO: De lêste trainings foar de Friesian Proms

11 jan 2017 - 19:17

It is hast safier, tongersdei set it evenemint Faderpaard útein mei as hichtepunt de Fryske hynstekeuring op sneon yn it WTC yn Ljouwert. Ek op de Egberdina Hoeve yn Nijeveen rint de spanning op. Susan Bouwman traint dêr in tal Fryske hynders dy't meidogge oan it muzikale showprogramma Friesian Proms. In show mei spektakulêre acts mei it Fryske hynder yn de haadrol.

De foarstelling fan Friesian Proms op freed is útferkocht. Foar tongersdei binne noch wol kaarten te krijen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)