Stêden spesjaal troch jubileum

28 maaie 2012 - 11:08
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Alle alve stêden ha moandei fanwege it 100-jierrich jubileum fan de fytsalvestêdetocht wat spesjaals organisearre om omtinken oan dat feest te jaan. Se ha dêr allegear 2000 euro foar krigen fan de organisaasje. Sa binne de minsken fan de stimpelpost yn Frjentsjer klaaid yn professoare-dracht.

Alle stêden ha ek in eigen motto betocht, dat oeral te sjen is, bygelyks op spandoeken en op de jassen fan de frijwilligers. Omdat de fytsers trije kear troch Boalsert komme, ha se dêr mear motto's.

(Advertinsje)
(Advertinsje)