Wurkstraffen foar it helen fan grêfmonuminten

11 jan 2017 - 15:58
Foto: Omrop Fryslân

Twa manlju dy't yn septimber 2014 brûnzen ûnderdielen fan grêfmonuminten te keap oanbean hawwe oan in hanneler yn âld izer, binne troch de plysjerjochter feroardiele ta wurkstraffen. Beide manlju, fan 56 en 63 jier âld, wennen destiids yn Ljouwert. Se kamen mei 21 kilo oan brûns fan grêven oansetten by in izerhannel oan de Einsteinweg yn Ljouwert. De hanneler fertroude de boel net en warskôge de plysje.

It die bliken dat it duo twa dagen earder ek al brûns by in oare hannel oanbean hie. Dy hanneler hie de beide manlju fuortstjoerd.

Noarderbegraafplak

In part fan it brûns kaam fan it Noarderbegraafplak yn Ljouwert. Mooglik ha de manlju it guod sels stellen, mar de offisier fan justysje koe dat net bewize.

De iene fertochte hat in wurkstraf krigen fan 60 oeren, de oare krige 70 oeren. Beide hawwe ek selstraf ûnder betingst krigen.

Trefwurden: 
brûns Ljouwert wurkstraf heler
(Advertinsje)
(Advertinsje)