Oerstappe fan vmbo nei havo sil net bot feroarje

11 jan 2017 - 13:56

Der sil net sa'n protte feroarje, as skoallen net langer oanfoljende easken stelle meie oan vmbo learlingen dy't oerstappe wolle nei de havo. Skoallen sille har allinnich mear rjochtsje moatte op in goed advys en op in bettere begelieding op skoalle. Dat is de ferwachting fan lokaasjedirekteur vmbo Wytze Algra fan skoallemienskip Liudger yn Drachten, op it nijste plan fan steatsiktaris Sander Dekker. No is it op in soad skoallen noch sa dat vmbo-learlingen op syn minst gemiddeld in 6,7 stean moatte, as se nei har eksamen nei de havo wolle.

Ek yn Drachten wurdt dy regel tapast, mar fan Dekker mei dat fan 2019 ôf net mear.

Trefwurden: 
ûnderwiis HAVO VMBO
(Advertinsje)
(Advertinsje)