Blessuere by Frysk Roparunteam

28 maaie 2012 - 09:55

It Frysk team dat dit wykein foar it earst meidocht oan de Roparun hat te krijen mei in ferfelende blessuere. Ien fan de rinners is troch de knibbel gien en kin net mear fierder.

De Roparun is in race fan dravers en fytsers fan Parys nei Rotterdam, oer 520 kilometer. Der dogge mei-elkoar hast 300 teams oan mei. It Fryske team docht mei yn estafettefoarm, mei in A- en in B-ploech.

De iene ploech lost de oare ploech fanwege de blessuere no wat earder ôf. Boppedat moatte leden fan it team dêr't it lid útfallen is gruttere stikken drave.

De teams dy't meidogge oan de Roparun litte har sponsorje. De opbringst is bedoeld foar projekten om it libben fan kankerpasjinten te ferbetterjen.

Trefwurden: 
blessuere Roparunteam
(Advertinsje)
(Advertinsje)