Stertil Koatstertille yn de race foar 'bêste wurkjouwer'

11 jan 2017 - 11:32

It bedriuw Stertil yn Koatstertille is nominearre foar de priis fan 'Bêst Prestearende Wurkjouwer' fan it jier 2016. De ferkiezing is spannend foar it bedriuw, want dizze wike kin der stimd wurde. By Stertil wurde ûnder oare hefbrêgen foar swier ferkear makke om yn de garaazje bussen en frachtauto's fan de grûn te tillen.

It bedriuw is wrâldwiid merklieder op dat mêd en hat ek produksjelokaasjes yn Amearika en Sina. It haadkantoar stiet yn Koatstertille.

Stertil is earder al útroppen ta de bêst prestearjende wurkjouwer fan Nederlân yn de hefbrêgebrânsj. De hefbrêgen foar swier ferkear binne folop yn ûntwikkeling, neffens direkteur Ulbe Bijlsma fan Stertil. De nije hefbrêgen binne in stik digitaler en enerzjysuniger as de âlde. De ûntwikkeling fan de nije typen hefbrêgen bart ek yn Koatstertille. It bedriuw Stertil hat yn de jierren 2009/2010 te meitsjen hân mei in dip, wêrby't ek de wurkgelegenheid werom rûn. De lêste jierren sit Stertil wer yn de lift. Njonken hefbrêgen foar swier ferkear wurde by it bedriuw ek 'laad- en losplakken' foar it goederenferfier makke. Ek dat is in groeimerk op it stuit. By Stertil wurkje mear as 200 minsken. It bedriuw is dêrmei it bedriuw mei de measte wurkplakken yn de gemeente Achtkarspelen.

Stertil bedarre yn de jierren '60 fan de foarige iuw yn Koatstertille, omdat it bedriuw in plak oan grut farwetter socht. Hjoed-de-dei makket Stertil amper mear gebrûk fan it Prinses Margrietkanaal. Hast al it ferfier fan grûnstoffen en produkten giet tsjinstwurdich oer de dyk.

Trefwurden: 
Stertil Koatstertille
(Advertinsje)
(Advertinsje)