Bourguignon nimt Care Autoschade yn Ljouwert oer

11 jan 2017 - 11:17

Autodealer Bourguignon nimt de Ljouwerter fêstiging fan Care Autoschade oer. Bourguignon wie al foar 50 prosint eigener, mar wurdt dat fan 12 jannewaris ôf hielendal. Mei de oername hat it fallisemint fan it memmebedriuw fan Care gjin gefolgen foar de Ljouwerter festiging. It skeareparaasjebedriuw giet fierder ûnder de namme Bourguignon Schadeherstel. Neffens it bedriuw bliuwe alle ôfspraken mei fersekerders itselde. Bourguignon nimt tagelyk Stokvis Autoschade yn Ljouwert oer. Ek hjir feroaret neat foar de klanten.

De Van den Brug Groep nimt fan tongersdei 12 jannewaris ôf de Care Autoschade-festigingen yn Drachten en op It Hearrenfean oer. De bedriuwen geane fierder ûnder de namme Van den Brug schadeservice en slute har oan by de franchiseformule fan Schadenet.

Trefwurden: 
Bourguignon Care
(Advertinsje)
(Advertinsje)