Nije audiotoer foar besikers Fries Scheepvaart Museum

11 jan 2017 - 10:57

It Fries Scheepvaart Museum biedt besikers in nije audiotoer oan. By de foarwerpen yn it Snitser museum steane gjin buordsjes mear mei in siferkoade, mar stjoerderkes. Troch it apparaat dêrby te hâlden begjint it ferhaal dat by it foarwerp heart. De besiker kin troch it museum rinne en kieze wêr't hy of sy mear ynformaasje oer hearre wol. Elk ferhaal stiet op himsels dus de folchoarder is net belangryk. It nije systeem kin ek brûkt wurde by tydlike tentoanstellingen. De audiotoer sit by de entreepriis yn.

Ferhalen

"Us museum is echt in ferhalemuseum", fertelt direkteur Meindert Seffinga. "De foarwerpen fertelle dizze ferhalen, mar soms is de gearhing tusken de foarwerpen wolris lestich te achterheljen. Oan de hân fan ien foarwerp kinne we it ferhaal wiidweidiger fertelle. De besite oan it museum krijt sa mear betsjutting."

Neffens besikers heakket de ynformaasje mear ta. "Door de verhaaltjes kijk ik met andere ogen. Anders was ik misschien aan dit tegeltableau voorbij gelopen, maar nu ik het verhaal er bij heb gehoord, komt het veel meer tot leven." Der is ek in Ingelsktalige en Dútsktalige fariant beskikber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)