Oanpaste tsjinstregeling Wagenborg troch heech wetter

11 jan 2017 - 10:21
De feardaam by Nes op It Amelân (hjir by heech wetter)

Yn ferbân mei de hege wetterstân kin der woansdei en tongersdei net lost en laden wurde op de feardammen. Rederij Wagenborg hat dêrom de feartsjinsten nei It Amelân en Skiermûntseach foar dizze dagen oanpast. De wettertaksy en de sneltsjinst binne út de feart helle. De bustiden op It Amelân en Holwert binne oanpast. Rederij Wagenborg advisearret minsken de auto net te parkearjen op de feardaam op It Amelân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)