Monasch presintearret moandei kandidatelist Nieuwe Wegen

10 jan 2017 - 19:02

Jacques Monasch fan Snits presintearret nije wike moandei de kieslist foar syn nije partij Nieuwe Wegen. Dat sei de âld-PvdA'er yn It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân.

Der hawwe harren santich minsken oanmeld foar Nieuwe Wegen. Tritich helje de list. Der komme neffens Monasch seis serieuze kandidaten út Fryslân. De jongste dêrfan is in man fan tweintich.

(Advertinsje)
(Advertinsje)