"Pieter en Margriet wiene 50 jier lyn trendsetters"

10 jan 2017 - 18:03

"Prinses Margriet wie fyftich jier lyn de earste yn it hûs fan Oranje dy't mei in boarger troude. En it waard in trend. Dêrnei is der nea mear ien mei in foarstlik, adelik persoan troud." Dat seit keningshûssaakkundige Bearn Bilker tiisdei op de dei dat prinses Margriet en mr. Pieter van Vollenhoven harren 50-jierrich houlik fiere.

"Ik wie noch mar in jonkje, mar wit de diskusjes noch wol. Benammen omdat har suster Irene gjin tastimming frege hie foar har houlik. Doe waard Margriet nei Beatrix de twadde yn de rige foar de troansopfolging."

Dit is pas it tredde gouden houliksjubleum fan de Oranjes, seit Bilker. It bekendste is wol dat fan Juliana en Bernhard. Dy trouden yn 1937. "Minsken stoaren eartiids hiel betiid. Benammen yn it Oranjehûs. Wy wurde no allegearre âlder."

(Advertinsje)
(Advertinsje)