Farwetter by Ljouwert en It Hearrenfean wurdt útbaggere

10 jan 2017 - 17:54

De provinsje wol it Van Harinxmakanaal by Ljouwert en it farwetter rjochting It Hearrenfean de kommende jierren útbaggerje en ferbreedzje. Neffens Deputearre Steaten docht út ûndersyk bliken dat dit de meast rendabele opsjes binne om de konkurrinsjeposysje fan de havens yn beide plakken yn stân te hâlden en te ferbetterjen.

Djoer

It Van Harinxmakanaal tusken Ljouwert en Harns en it farwetter rjochting Drachten wurde foarearst net oanpakt. Plannen dêrfoar binne te djoer en allinnich op lange termyn mooglik rendabel.

De ferbettering fan it farwetter by Ljouwert en It Hearrenfean kostet yn totaal sa'n 15 miljoen euro. Dêrfan is op dit stuit 3,5 miljoen beskikber. Provinsjale Steaten praat op 29 maart oer de plannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)