Fryske jassen komme goed fan pas op wintersk Lesbos

10 jan 2017 - 17:10

Op it Grykske eilân Lesbos hat it de ôfrûne tsien jier net sa kâld west as no. Dat seit Steffi de Pous fan de helporganisaasje dy't dêr de ôfrûne moannen mear as tûzen Fryske jassen útdield hat. "Ik weet niet wat deze mensen zonder die jassen hadden moeten doen." 

Op it eilân leit al dagen lang in tsjok pak snie. It hat wol acht graden ferzen, en ek no noch leit de temperatuer om it friespunt hinne. Ein ferline jier wie ferslachjouwer Auke Zeldenrust fan Omrop Fryslân op it eilân, om dêr syn jas oan ien fan de flechtlingen te jaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)