Gebaksstop foar boargemaster Fred Veenstra

10 jan 2017 - 17:02

Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren stelt in gebaksstop yn foar himsels. De gemeente is sa grut dat er in soad by minsken en ynstellingen op besite komt. En de ôfstannen binne te grut om it mei de fyts te dwaan. Hy fernimt no de gefolgen fan tefolle iten en te min beweging, sa seit er yn syn nijjierstaspraak tiisdeitemiddei. Dus grypt er yn.

Veenstra hat ek bekend makke wa't de priis foar de bêste âld en nij fiering krijt. Dat is Aldemardum wurden.

(advertinsje)
(advertinsje)