FIDEO: Hessel en Tess oefenje foar konsert yn Ziggo Dome

It wurdt hieltyd spannender foar Hessel en Tess. Harren konsert yn de Ziggo Dome yn Amsterdam stiet no dochs echt foar de doar. Op 4 febrewaris is it safier. Dizze wiken wurdt yn de studio by Hessel syn kafee op Skylge drok oefene mei de muzikanten en de achtergrûnsjongers. En dat binne net de minsten: Jody Pijper is ien fan de trije. Op moandei 6 febrewaris in ferslach fan it konsert fan Hessel en Tess yn de Ziggo Dome.