Nije webside provinsje Fryslân lansearre

10 jan 2017 - 16:28
De nije webside fan de Provinsje - Foto: Provinsje Fryslân

De provinsje hat syn webside fernijd. Sintraal op de nije side stiet de ynformaasje dêr't minsken it measte ferlet fan ha. Ut ûndersyk die bliken dat mar in lyts stikje fan de site hiel yntinsyf brûkt wurdt. Om it sykjen foar de minsken makliker te meitsjen is dy ynformaasje no it gaust te finen. Oare ynformaasje stiet logysker byelkoar en is ek makliker te finen.

Ferline jier brûkten in heal miljoen minsken de webside fan de provinsje.

Trefwurden: 
Fryslân provinsje webside
(advertinsje)
(advertinsje)