Skeel oer permaninte bewenning fakânsjewente op Skylge

10 jan 2017 - 15:51
Foto: Google Streetview

De gemeente Skylge moat fuortendaliks in ein meitsje oan de permaninte bewenning fan in fakânsjehûs oan de Badwei yn Aasterein. Dat hat de buorfrou easke by de Ried fan Steat. Har hûs en it fakânsjehûs sitte yn deselde pleats dy't ea opsplitst ferkocht waard.

De buorfrou klaget oer oerlêst. De eigeneresse fan it fakânsjehûs wennet dêr no sân jier. De gemeente lei har earst in twangsom op, mar joech har letter in fergunning foar permanint wenjen. Neffens it bestimmingsplan mocht dat. De buorfrou wol dat de fergunning ynlutsen wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)