Underskieding Fyts11stedetocht

27 maaie 2012 - 18:09

De organisaasje fan de Fytsalvestêdetocht hat snein in keninklike earepenning opspjelde krigen troch Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma. De Fytsalvestêdetocht fiert dit jier har hûndertjierrich jubileum. Der wienen ek keninklike ûnderskiedingen foar Wietse Fransen, Koop Toering, Anne Piet van der Feer en Hans Kapstra. De fjouwer mannen binne al jierren de fêste motor binnen de frijwilligersorganisaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)