Wetterskip ynspektearret Fryske diken en kaaien

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Wetterskip Fryslân is wer begûn mei de jierlikse skou fan diken en kaaien yn Fryslân. Meiwurkers gean mei in tablet op 'en paad om mei in digitale kaart dêrop de goed trijetûzen kilometer oan kaaien te kontrolearjen op feilichheid.
De minsken fan it wetterskip besjogge ek oft bewenners en oare grûneigeners de saak wol goed ûnderhâlde, oft der ek smoargens leit, en oft bygelyks it gers fan goeie kwaliteit is.