"Zinédine Zidane ken Hearrenfean en hat my súkses winske"

Martin Ødegaard wol him by SC Hearrenfean fierder ûntwikkelje as fuotballer. Tiisdei tekene de Noarske middenfjilder in kontrakt yn it Abe Lenstra Stadion, dêr't hy de kommende oardel jier spylje sil. Hy wurdt hierd fan Real Madrid. "Dit is in goeie kâns foar my om yn in earste alvetal te spyljen. It is lestich om as jonge fuotballer yn Madrid foar it earste te spyljen. Hjir kin ik my ûntwikkelje", fertelt de 18-jierrige Ødegaard, dy't it leafst as oanfallende middenfjilder spilet.
"Zinédine Zidane (trainer fan Real Madrid) ken Hearrenfean en hat my súkses winske".
Reputaasje Hearrenfean
Hearrenfean-trainer Jurgen Streppel is bliid mei syn nije oanwinst: "Het is een goeie speler en een heel groot talent. Dat hij voor Heerenveen heeft gekozen is goed voor hem en een compliment voor de club." De reputaasje fan Hearrenfean hat in grutte rol spile by it oanlûken fan Ødegaard, sa seit technysk manager Gerry Hamstra. "De club heeft een goede naam, ook vanuit het verleden. Dat is heel belangrijk geweest."
Sneon spilet Hearrenfean tsjin ADO Den Haag. Mooglik dat Ødegaard dan foar it earst by de seleksje sit.
Tiisdei sitte yn Fryslân Hjoed technysk manager Gerry Hamstra en âld-fuotballer Niklas Tarvajärvi oan tafel om te praten oer de transfer fan Martin Ødegaard nei SC Hearrenfean.