Goed begjin darters Noppert en Veenstra yn Frimley Green

10 jan 2017 - 14:29

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat tiisdeitemiddei syn debútwedstriid op it Lakeside World Darts Championship winnend ôfsletten. De 26-jierrige darter wûn mei 3-1 yn sets fan de Kanadees David Cameron. It wie de earste omloop fan it toernoai, dat yn it Ingelske Frimley Green hâlden wurdt.

Noppert pakte fuortendaliks de spannende earste set mei 3-2. Dêrnei sakke er in bytsje yn en sa koe Cameron op 1-1 komme. Ek de tredde set lei tichtby elkoar, mar mei in 13-darter makke de Jouster dien wurk. De lêste wûn hy ienfâldich mei 3-0.

Richard Veenstra

Ek Richard Veenstra is troch nei de lêste sechtjin fan it Lakeside World Darts Championship. Hy wûn mei 3-1 yn sets fan de Skot Ross Montgomery. Veenstra wie yn foarm en pakte mei ferskate prachtige finishes fan 144, 127 en 120 de winst. Veenstra wennet yn Ossenzijl, krekt oer de grins yn Oerisel, mar spilet op It Hearrenfean en by it Fryske bûn.

Yn de twadde omloop komme Danny Noppert en Richard Veenstra tsjininoar út. Wannear't de wedstriid krekt spile wurdt, is noch net bekend (nei alle gedachten tongersdei).

(advertinsje)