Attraksjepark Duinen Zathe krijt nije achtbaan

Attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea hat der in nije achtbaan by. Moandei is de bou fan de London City Coaster úteinset. Eigener Herman Jasper hopet dat se tiisdei noch testritsjes meitsje kinne. De grien-pearse London City Coaster hat jierren yn London stien. Dêrnei is er mei merke-eksploitant Buwalda troch Europa gien. Yn april giet it park wer iepen en kinne minsken in ritsje meitsje.
Trapauto's
Net allinne de achtbaan is nij yn it park, op dit stuit wurdt ek hurd wurke oan in ferkearspark. De eigeners fan Duinen Zathe hawwe in diel fan de ynboel opkocht fan it âlde Verkeerspark Assen. Dêrom binne ek de trapauto's wer werom te finen as it park wer iepen giet.