Ynternasjonale syktocht nei dieder sjitpartij Thialf

10 jan 2017 - 14:16

De fertochte fan de sjitpartij by Thialf ôfrûne sneon wurdt ynternasjonaal socht. It giet om in 56-jierrrige man sûnder wen- of ferbliuwplak. Hy wurdt derfan fertocht dat hy direkteur Bert Jonker fan it bedriuw Clafis besketten hat. Jonker is dêrby ferwûne rekke oan syn hân.

It soe gean om in skeal fan in pear jier ferlyn, wêrby't Clafis it bedriuw fan de fertochte oernimme soe. Dit ketste lykwols ôf, wêrnei't it bedriuw fan de fertochte fallyt gie.

Namme en foto

Hoewol't bekend is wa't de dieder is, wol de plysje noch gjin foto en namme ferspriede. Dat soe op dit stuit in te swier opspoaringsmiddel wêze. Mooglik wurdt dit letter wol dien.

Bert Jonker sit mei syn gesin op in feilich adres. Neffens de plysje is hy noch bot fan slach.

(Advertinsje)
(Advertinsje)