Kuperus wint útnoegingspartij

27 maaie 2012 - 17:37
Foto: awfoto.nl

Yn in spannende finale hat it partoer fan Joukje Kuperus, Leonie van der Graaf en Anke Marije Pompstra snein de útnoegingspartij yn Jorwert wûn. Yn de finale waard it partoer fan Marije Hiemstra, Imke van der Leest en Bianca van der Veen mei 5-4 en 6-6 ferslein. De lytse preemje gie nei Lisette Wagenaar, Feikje Bouwhuis en Margriet Bakker.

By in útnoegingspartij wurde de partoeren troch de organisaasje gearstald. It is foar de keatsers dan ek in ferrassing mei wa't se yn it perk stean sille.

(Advertinsje)
(Advertinsje)